'Omkeapjen is net oan oarder'

De gemeenten Frjentsjerteradiel en Harns binne fernuvere oer de ophef dy't ûntstien is oer de ôfspraken tusken de gemeenten, de provinsje en Frisia Sâlt. GrienLinks stelde skriftlike fragen yn de Steaten oer in finansjele bydrage fan 2 miljoen euro fan it sâltfabryk yn Harns, as kompensaasje foar de skea troch de sâltwinning. Neffens de gemeenten binne der gjin saken ôfpraat dy't net meie, der is gjin sprake fan it omkeapjen troch Frisia Sâlt. Wethâlder Twerda fynt it spitich dat dit ferhaal no sa no bûten brocht is.