Rop om fytspaad Warns-Starum

It sintrum fan Starum © Omrop Fryslân
It ûntbrekkende stik fytspaad fan Warns nei Starum moat der gau komme. De steatefraksje fan Friese Koers wol dat nei de simmer fuort mei de oanlis begûn wurdt. Neffens de partij is der no sprake fan in gefaarlike situaasje foar fytsers, foaral foar skoalbern. Ek wen-wurkferkear hat lêst fan it ûntbrekkende stik fytspaad, seit Friese Koers.
Wannear't dit oanlein wurdt, betsjut dat neffens de partij in flinke ympuls foar it fytstoerisme.