Oername Free Recordshops ûnwis
Oer de oername fan de Free Record Shops is noch altyd gjin dúdlikheid. De belangrykste oernamekandidaat, ProCures, hat him weromlutsen. Der binne no noch trije gadingmakkers foar de oername fan de cd- en dvd-winkelketen.
Yn Fryslân binne noch trije Free Record Shops, yn Ljouwert, Snits en Drachten.