Tunen fan hierder kontrolearre

01 jul 2013 - 11:17

Tunen yn de wyk Fûgellân yn Dokkum wurde moandei neisjoen op ûnderhâld. Wenningkorporaasje Thús Wonen docht dat yn gearwurking mei hierdersferiening Dongeradiel en wykried Fûgellân. As de tunen net goed byhâlden binne, krije de bewenners in reade kaart troch de brievebus. Der stiet op dat de minsken yn de tún oan de gong moatte. Minsken dy't de tún bûtengewoan goed byhâlden ha, kinne in griene komplimintekaart ferwachtsje.

Net allinnich yn Dokkum wurdt der kontrolearre. Ek hierders yn Nes, Ie, Holwert, Broeksterwâld, Burdaard, Wâlterswâld, Feanwâlden, Westergeast, Aldwâld en Kollumersweach kinne kontrôle ferwachtsje.

Trefwurden: 
Dokkum tún Thús Wonen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)