Brommerrydster mei drank pakt

01 jul 2013 - 10:12

In 32-jierrige frou út Stiens is sneinetenacht trappearre op it riden mei drank op. Se ried op har brommer oer de Lege Hearewei doe't se in stopteken krige fan de plysje. Se moast mei nei it buro foar in ademanalyze. Dêr die bliken dat se tefolle dronken hie. De frou moast har rydbewiis ynleverje en hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
plysje drankrider Stiens
(advertinsje)
(advertinsje)