Ynbrekker op De Jouwer pakt

01 jul 2013 - 10:04

De plysje hat sneintenacht in man (43) sûnder fêst wenplak op De Jouwer pakt. De plysje kaam op in melding ôf fan ynbraak yn in bedriuw oan de Midstrjitte en koe de man oanhâlde om't tsjûgen in goed sinjalemint jûn hiene. De plysje trof de de man oan mei in fyts oan de hân. It die bliken dat er noch in straf fan 69 dagen útsitte moast. De man is nei it buro brocht en syn fyts en in tal tassen binne yn beslach nommen. De fyts wie stellen.

De man hie by trije bedriuwen oan de Merk en de Midstrjitte ynbrutsen. By twa oare saken yn de Midstrjitte hie er besocht yn te brekken.

Trefwurden: 
plysje stellerij De Jouwer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)