Weening twadde yn Peize

30 jun 2013 - 18:54

Andries Weening fan De Harkema is yn Peize yn de earste wedstriid fan it Noordenveld Westerkwartier twadde wurden. De oerwinning wie foar Jeff Vermeulen út Hoogvliet Rotterdam. Beide hurdfytsers kamen solo oer de einstreek. Earder sieten se yn in sterke kopgroep fan úteinlik tolve man. Yn de finale ferbrokkele dy kopgroep. Umberto Atzori fan Zorgvlied waard tredde. De hurdfytsmeardaachse begûn mei in prolooch. Dy waard wûn troch Roy Eefting krekt foar Durk Fabriek fan Haulerwyk. Moandeitejûn wurdt der riden yn Nieuw Roden.

Trefwurden: 
hurdfytsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)