Cambuur wint mei 8-1 fan ONB
SC Cambuur hat sneontejûn mei 8-1 fan ONB wûn. Foar rêst wie it 4-0. Nei rêst kaam ONB op 4-1, mar yn fjouwer minuten tiid rûn Cambuur út nei 8-1. Foar Cambuur skoarden Bakker, Brands, Barto, El Makrini, Schokker, Van Moorsel en Hemmen (2x). Moandei giet de klup op trainingskamp nei Garderen.