Oerenlange file Ofslútdyk

In steuring oan de brêge by Koarnwertersân hat sneintemiddei foar in kilometerslange file soarge op de Ofslútdyk. Auto's stiene oeren fêst omdat de brêge net mear goed ticht woe. De problemen ûntstiene om in oere as twa. In monteur fan Rykswettersteat wie om in oere as healwei fjouweren te plak mar koe it probleem net oplosse. Besletten waard doe om de middenfangrail der út te heljen sadat it ferkear oer de oare kant fan de dyk trochride koe. Ek waard de brânwacht fan Wytmarsum ynskeakele. Dy hat mei wetter it brêgedek kuolle.
Uteinlik slagge it om hjirmei de brêge ticht te krijen. It ferkear koe tsjin fiven wer ride.