Wettersportferiening ûnder dak
150 jier nei de oprjochting fan de wettersportferiening SWV De Zevenwolden op 'e Lemmer, hat de klup lang om let in eigen jachthaven krigen. En dy is sneon iepene troch it jongste lid fan de feriening, Jente van Asch. Sy knipte it lint stikken, sadat de boaten de haven yn farre koenen. En dêrmei is de op ien nei âldste wettersportferiening fan Fryslân ek ûnder dak. De jachthaven, mei it nije kluphûs en de 53 plakken, leit by de brêge yn de Sylroede.
Mocht der op dat plak in akwadukt boud wurde, dan is de klup foar koarte tiid de klos. Dat wurdt in part fan de haven brûkt foar it omliedingstrasee.