Winkeldieven 'Centrale' oppakt

Winkelpersoniel fan de Centrale yn Ljouwert hat sneontemiddei foarkaam dat in groep minsken mei tassen fol elektroanika de winkel útrûn. It giet om twa froulju fan 21 en 27 út Bergen en Rotterdam, in 26-jierrige man út Spijkenisse en in man fan 35 út Lippenhuzen. De fjouwer hiene de tassen sa makke dat se de elektroanika meinimme koene sûnder dat de alarms ôfgiene. Personiel fûn it gedrach fan de fjouwer fertocht en hâlde se yn 'e gaten.
De twa froulju giene as earste de winkel út. Se hiene in lyts berntsje yn in buggy by har. Doe't personiel se oanspruts, begûn it twatal te driigjen. De froulju naaiden út. De manlju koene yn de winkel troch it personiel tsjinhâlden wurde en binne troch plysjes oppakt. De froulju binne in pear strjitten fierderop oppakt. Alle fjouwer sitte fêst.