Moandei dúdlikheid oername FD

30 jun 2013 - 12:54

It personiel en de leden fan it Friesch Dagblad krije moandeitejûn te hearren hokker oare krante as útjouwer mei de krante gearwurkje wol. Dat kin de Noordelijke Dagblad Combinatie (NDC) wêze, mar ek it Nederlands Dagblad. "Wy ha mei beide petearen", is it iennige dat haadredakteur Lútsen Kooistra dêr oer sizze wol.

Foarsitter Boomsma fan de ried fan kommissarissen fan it Friesch Dagblad befêstiget dat der in oergong oankundige wurdt, mar fynt it neamen fan nammen ek noch te betiid.

Yn maaie waard al dúdlik dat der gau in oplossing komme moat foar de finansjele problemen fan it Friesch Dagblad. Doe is de leden om ekstra jild frege.
De NDC is ek de útjouwer fan de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden. Grutoandielhâlder dêrfan is FB Oranjewoud. Dizze stichting hat earder in soad jild stutsen yn de rêding fan Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden. It Friesch Dagblad frege dêrnei ek om in liening, mar krige dy net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)