Friezen reitsje rydbewiis kwyt

30 jun 2013 - 11:09

In 25-jierrige automobilist út Easterwâlde mei syn rydbewiis ynleverje om't er fierstente hurd ried op de A28 by Haren senon. De plysje klokte 188 kilometer yn 'e oere, dat is 66 kilometer hurder as mei op dizze dyk.

Ek in 26-jierrige moterrider út Droegeham mei syn paske ynleverje. Hy ried 207 kilometer yn 'e oere op de N381 tusken Drachten en Appelskea, wylst je dêr mar 100 meie. In man út Snits kin foarlopich ek net autoride. Hy ried 52 kilometer te fluch op de A7 by It Hearrenfean. Ek hy is syn rydbewiis kwyt.

Trefwurden: 
Snits Easterwâlde Droegeham
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)