Jonge (17) út Dokkum slein

30 jun 2013 - 09:51

Twa jonges út Wâlterswâld en Driezum binne sneontenacht oppakt omdat se in jonge (17) út Dokkum swier mishannele hawwe. De twa fan 17 en 18 jier wiene yn in kafee oan de Oranjewal yn Dokkum. Wêrom't se de jonge slein ha, is net dúdlik.

It slachtoffer hat ûnder oaren in brutsen noas. De twa sitte fêst op it buro.

Trefwurden: 
Dokkum mishanneling
(Advertinsje)
(Advertinsje)