Alvestêdefarrûte iepene

29 jun 2013 - 13:01

Yn Alde Leie is sneon de offisjele iepening fan de noardlike Alvestêdefarrûte. Yn it trajekt tusken Wier en de einstreek fan de Alvestêdetocht op de Bonke by Ljouwert binne 15 brêgen ferhege. Ek binne slûzen oanlein by Wier en by Alde Leie. It hiele trajekt is ek baggere en is no tagonklik foar boatsjes dy't 1 meter 30 djip stekke en 2 meter 40 heech binne.

Op tal fan plakken oan de rûte is sneon iepen dei. Sneon om njoggen begûn in fartocht fan Wier nei Ljouwert. Om healwei tolven waard symboalysk in kurk út de slûs fan Alde Leie lutsen.

De oanlis fan de alvestêdefarrûte hat goed 28 miljoen euro koste. Alle jierren soe de rûte hast 5000 passanten lûke moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)