Oerterper dealer oppakt

In 20-jierrige drugshanneler út Oerterp is freedtejûn troch de plysje oanhâlden. De plysje kontrolearre it parkearterrein by it swimbad fan Bakkefean om't jongerein dêr gauris foar oerlêst soargje. Op it parkearterrein stie in auto mei trije manlju der omhinne. It trio naaide út, mar de plysje koe de 20-jierrige man achterhelje. Hy woe him net identifisearje.
De plysje fûn xtc-pillen, GHB en pûdsjes dêr't drugs yn sieten yn syn klean. De drugs binne yn beslach naam.