Koperdieven Ljouwert snapt

29 jun 2013 - 11:41

Mei tank oan in tsjûge hat de plysje yn Ljouwert freedtenacht twa dieven op 'e die trappearre. De manlju fan 37 en 47 jier wiene yn de Widesteech drok mei it stellen fan elektrisiteitskabels fan in aggregaat. De plysje tinkt dat it de manlju te dwaan wie om it koper yn de kabels.

De koperdieven binne oanhâlden. Harren ark is yn beslach naam.

Trefwurden: 
koperdieven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)