Mear tiid feroarings Frysk

Der komt mear tiid om ta in goeie oplossing te kommen foar it meitsjen fan in nije Fryske staveringshifker, de standertwurdlist en feroarings yn de stavering fan it Frysk. De Fryske Akademy kaam earder yn opdracht fan de provinsje mei in foarstel hoe't je soks oanpakke moatte en advisearre ek feroarings yn de stavering fan in tal wurden.
Neidat de steaten dêrmei akkoart giene, ûntstie der fûl ferset by in groep wittenskippers en skriuwers. De feroarings soene tefolle fan boppe ôf oplein wurde. Derom nimt deputearre De Vries no mear tiid.
De Vries sei freedtejûn op in diskusjejûn oer de nije stavering wol ta dat der foar 1 oktober in nije staveringshifker komt, omdat benammen it ûnderwiis dêr ferlet fan hat. Dy staveringshifker wurdt dan folle mei de besteande wurdlist sûnder feroarings yn de stavering. De diskusjejûn yn sealesintrum 'It Aljemint' luts sa'n hûndert minsken. Under harren wiene Fryske skriuwers, minsken út it ûnderwiis en ek fertsjintwurdigers fan de politike partijen yn de steaten.