Nard Brandsma wint Jaarsveld

Fierljeppen © ANP
Nard Brandsma fan It Heidenskip hat de twadde wedstriid fan de nasjonale kompetysje fierljeppen wûn. Yn Jaarsveld wie er mei 18.85 meter de bêste. Bart Helmholt waard twadde mei 17.67, Jaco de Groot, de winner fan de earste wedstriid yn Burgum, tredde mei 17.33. By de froulju wiene de ljepsters fan Hollân oppermachtich. Dymphie van Rooijen wie krekt as yn Burgum de bêste mei 14.57. Dêrnei kamen Wendy Helmes en Jessica Snoek. Friezinne Hilianne van der Wal waard mei 13.40 fjirde. Erwin Timmerarends fan Hollân wûn by de junioaren mei 18.12.
Troch de rein waard it in mislearre jûn yn Jaarsveld. Allinne de earste sprong koe mar meitelle foar de útslach.