Cambuur wint fan DTD

28 jun 2013 - 21:41

Cambuur hat de earste oefenwedstriid fan it seizoen mei 8-0 wûn fan sneins tredde klasser DTD. De Ljouwerter goals kamen op namme fan Oebele Schokker (2 kear), Michiel Hemmen (2 kear), Paco van Moorsel, Erik Bakker, Kevin Brands en Martijn Barto. Trainer Dwight Lodeweges hat hast alle spilers brûkt. Nije oankeap Bart van Brakel kaam noch net yn aksje. Hy moat moandei noch medysk keurd wurde. Yn de kommende wike sille der wer in oantal spilers op proef komme by Cambuur. Sawol op de fleugels foaryn as achteryn moat der noch fersterking komme.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)