Noch gjin rekôr foar V.d. Bos

28 jun 2013 - 21:22

It partoer fan Gert-Anne van der Bos is der noch net yn slagge it rekôr fan 42 oerwinnings te beheljen. Van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger ferlearen op It Hearrenfean yn in spannende en moaie finale mei 5-5, 6-4 fan Jan Dirk de Groot, kening Marten Feenstra en Pier Piersma. Van der Bos en dy ha 41 kear in haadklasse-partijen wûn en dat is likefolle as Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Johannes Brandsma.

Partoer Saakstra hie dêr 51 wedstriden foar nedich, Van der Bos en dy ha der no 71 partijen oer dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)