De Jong makket trochstart

Bakkerij Appie de Jong út Drachten makket in trochstart. Eigener Peter de Jong giet fierder mei twa winkels yn Drachten en ien yn Marrum. De goed 25 minsken dy't der wurkje kinne harren baan hâlde. De winkels yn Drachten en Marrum binne de oarspronklike basis fan Appie de Jong foar de oername fan bakkerij Staghouwer út Grins mei seis winkels goed twa jier lyn. De oername wie gjin sukses.
Appie de Jong waard in pear wike lyn fallyt ferklearre omdat it bedriuw syn finansjele ferplichtings net mear neikomme koe. De oername fan Staghouwer wie dêr de wichtichste oarsaak fan. De Jong seit dat hy him fertild hat oan de oername. Staghouwer is wer ferkocht oan de eardere eigener.