Cambuur lûkt Van Brakel oan

SC Cambuur © Omrop Fryslân
SC Cambuur hat opnij in spiler oanlutsen. It giet om de 26-jierrige Bart van Brakel, dy 't it oerkomt fan FC Den Bosch. Van Brakel is in kontrolearjende middenfjilder. Hy spile oant no ta 150 wedstriden yn it betelle fuotbal. Net allinnich foar Den Bosch mar ek foar FC Eindhoven. De middenfjilder hat tekene foar ien seizoen, mei de opsje foar noch in jier.
De seleksje fan Cambuur is noch net folslein. De Ljouwerters binne noch hieltyd op syk nei in linker middenfjilder.