Dit jier gjin City Jazz
It City Jazz Festival yn Ljouwert giet dit jier net troch. Op 31 augustus soe de tredde edysje hâlden wurde, mar fanwege jildpine ferskoot de organisaasje it barren nei takom jier.
Ferline jier luts it festival noch sa'n 6000 besikers. Op City Jazz Ljouwert spylje sawol jonge talinten as bekendere jazz-artysten.