Famkes oppakt foar stellerij

28 jun 2013 - 14:05

Mei de oanhâlding fan twa famkes út Burdaard fan 14 en 15 jier âld, hat de plysje in ûndersyk nei stellerij út winkels en nei oplichting ôfsletten. De twa waarden op 14 maaie betrape by stellerij út in winkel yn Dokkum. By it plysje-ûndersyk die bliken dat se ek út oare winkels stellen hiene en dat se yllegaal kollekteard hiene yn Dokkum.

De twa hawwe har dieden bekend en moatte meikoarten foar de rjochter ferskine. It jild dat se mei it kollektearjen byinoar brocht hawwe, sille se as noch oermeitsje nei in goed doel.

Trefwurden: 
stellerij famkes Burdaard
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)