Fergees parkeare yn Dokkum

28 jun 2013 - 10:35

Yn de binnenstêd fan Dokkum kin meikoarten moarns tusken acht en alve oere fergees parkeard wurde. In mearderheid yn de gemeenteried fan Dongeradiel hat dat tongersdei besletten. It giet earst om in proef, dy't njoggen moanne duorret. De rest fan de dei moatte parkearders yn Dokkum yn de binnenstêd wol betelje. De plakken oan de râne fan de stêd, dus bûten it sintrum, bliuwe wol fergees.

De gemeenteried wol sa it winkeljen yn it sintrum fan Dokkum befoarderje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)