Ljouwerter (19) krijt klappen

Geweld © Omrop Fryslân
In 19-jierrige ynwenner fan Ljouwert is tongersdeitenacht mishannele op it Ruterskertier yn syn wenplak. Hy rekke dêrby ferwûne oan syn gesicht. Der wiene gjin omstanners dy't de plysje wat oer de mishanneling fertelle koene, mar dy wie wol op kamerabylden te sjen. De plysje is dêrom op syk nei twa manlju dy't by de mishanneling belutsen wiene. De iene hie in swarte jas oan en in reade sjaal oer de klean. De oare hie in grize trijekwart jas oan en in wite tas by him.