Twa manlju oanhâlden De Terp

27 jun 2013 - 16:50

Der binne tongersdei twa bewenners fan de Terp oanhâlden op fertinking fan belutsenheid by de dea fan Anne de Boer. Dat hat de plysje tongersdei bekendmakke. De plysje sit mei 20 man op de saak en hat hússikings dien yn de dak -en thúsleaze-opfang. Anne de Boer sakke moandeitejûn yn mekoar doe't er by in oare bewenner op de keamer wie. Ut seksje die bliken dat it om in misdriuw giet.

De twa fertochten binne meinaam nei it plysjeburo en sille heard wurde. Op basis wêrfan de manlju fan 46 jier oanhâlden binne, kin de plysje noch net sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)