'Skoallen moatte gearwurkje'

De earste oere stake de learkrêften basisûnderwiis © ANP XTRA
Kristlike en iepenbiere basisskoallen yn Fryslân moatte mear gearwurkje. Dat fynt PvdA-keamerlid Loes Ypma. Neffens har is der yn hast elts Frysk doarp én in kristlike én in iepenbiere skoalle. Dy skoallen wachtsje faak allinne mar oant de oare de doarren slute moat, seit Ypma. Se soene earder gearwurkje moatte. De Twadde Keamer praat tongersdei oer lytse skoallen. In mearderheid fan de keamer wol dat de finansjele taslach foar lytse skoallen ôfskaft wurdt. Der soe dan in preemje komme moatte foar doarpskoallen dy't gearwurkje wolle.
De regearingspartijen wolle wol in útsûndering meitsje foar de skoallen dy't as iennichste oerbleaun binne yn in doarp. Dy soene noch wol in taslach krije moatte. Steatssiktaris Dekker fielt dêr neat foar. Dan moatte guon skoallen wol in hiel soad jild krije om iepenbliuwe te kinnen, seit er.