Underskiedingen Yad Vashem

Yn Ljouwert hawwe tongersdei fiif minsken postúm in Yad Vashem-ûnderskieding krigen. Dit is in Joadske ûnderskieding foar minsken dy't mei gefaar foar eigen libben Joaden holpen en beskerme hawwe yn de Twadde Wrâldoarloch. De ûnderskiedingen giene nei it echtpear Wiersma út Nijesyl, it echtpear Wiegersma út Middenmeer en Lipke Zijlstra út Rinsumageast. Alle fiif hawwe se Joaden holpen ûnder te dûken yn de Twadde Wrâldoarloch. De echtpearen hiene beide in Joadsk famke yn hûs. Lipke Zijlstra brocht Joaden nei in ûnderdûkadres.
De ûnderskiedingen binne útrikt oan de bern fan de fiif. Dy krije de heechste ûnderskieding dy't der is foar minsken dy't net út Israel komme, de 'Rechtvaardigen onder de Volkeren'.