Iepen tbc by man op Skylge
By in bewenner fan Skylge is in besmetlike foarm fan tbc fêststeld. De man wurdt yntusken behannele. GGD Fryslân is begûn mei in kontaktûndersyk. De neiste omjouwing fan de Skylger wurdt ûndersocht. Fanwege syn wurk is de man faak yn de Rotterdamske haven.