Grutte himpkwekerij De Jouwer
Yn in bedriuwsgebou op 'e Jouwer hat de plysje in grutte himpkwekerij oprôle. Dêrby is ien man oanhâlden. De himp wie krekt rispe. It giet om itselde gebou dêr't twa jier lyn in bussjauffeur dy't de dealers oer it mêd kaam in skoft gizele waard. Hoefolle planten der no stien ha wurdt noch besjoen. De plysje tinkt noch mear minsken oan te hâlden.