'Fryslân moat fytsfeiliger'

27 jun 2013 - 11:34
  • Homme Biemold fan Veilig Verkeer Nederland

De provinsje moat 30 miljoen fan 'e Nuonjilden yn fytsfeiligens ynvestearje. Dat fine Veilig Verkeer Nederland en it Fytsersbûn. Tongersdeitemoarn oerlangen de belangeferienings in rapport mei knipepunten foar fytsers oan deputearre Sietske Poepjes en GrienLinks steatelid Irona Groeneveld. It rapport 'Fyts Feilich Foarút' moat der foar soargje dat de provinsje fytspaden breder makket, krúspunten feiliger makket en minsken stimulearret de fyts te pakken.

De belangeferienings tinke ek dat it in stimulâns wêze kin foar de wurkgelegenheid yn de provinsje. Takom wike woansdei wurdt der yn Provinsjale Steaten praat oer it fytsplan.

(advertinsje)