Cambuur hiert Kevin Brands
Kevin Brands spilet dit seizoen foar SC Cambuur. De Ljouwerters hiere de 25-jierrige middenfjilder foar ien jier fan Willem II. De soan fan technysk direkteur by PSV Marcel Brands, hat noch in trochrinnend kontrakt by Willem II oant 2015.