'Paapke' fuort troch brân

De bysûndere fûgel it 'paapke' is ferdwûn yn it part fan it Fochtelerfean dêr't twa jier lyn in grutte brân west hat. Natuermonuminten is mar wat grutsk op de briedende pearkes fan de 'paapkes' yn it fean. Mar nei de brân is in grut tal pearkes ferlern gien en se ha har ek noch net wer sjen litten yn it gebiet. Op oare plakken yn it Fochtelerfean sitte se noch wol en der wurdt no alles oan dien om se ek wer yn it earder ôfbaarnde gebiet te krijen. It 'paapke' komt net in soad foar yn Nederlân.
Yn it Fochtelerfean sit in tredde fan alle 'paapkes' dy't yn ús lân te finen binne. It is dus wichtich dat de populaasje yn it fean op peil bliuwt.