Belestingdossiers op strjitte

Belestingtsjinst
Fertroulike dossiers fan in belestingkantoar op It Hearrenfean binne op strjitte telâne kaam. Dat skriuwt de Oeriselske krante De Stentor. De papieren binne yn in pear twaddehâns kasten fûn troch minsken út Kloosterhaar yn Oerisel. Yn de papieren stiet ynformaasje oer yn beslachnames. Se wiene fan in belestingdoarwaarder dy't oant koartlyn wurke op it belestingkantoar op It Hearrenfean. Dit kantoar is yn maart tichtgien.
De papieren binne nei alle gedachten op strjitte telâne kaam doe't de meubels troch de tsjinst Domeinen ophelle en ferkocht binne.