Ofspraken oer oanpak De Burd

© Omrop Fryslân
It Fryske Gea en ANV Coöperatie It Bûtlân sille tegearre in plan fan oanpak meitsje foar de werynrjochting fan it eilân De Burd by Grou. Ein dit jier sil de earste skeppe fan de wurksumheden de grûn yn. Doel is om in optimaal greidefûgelgebiet te meitsjen mei wiete greiden mei in soad krûden. Neist de werynrjochting is ek it behear fan it gebiet wichtich. Ofspraken dêroer binne troch beide partijen no skriftlik fêstlein. ANV Coöperatie It Bûtlân soarget foar pachters dy't foldogge oan de ôfspraken dy't makke binne oer it behear.