Undersyk nei eksplosiven 'As'

26 jun 2013 - 20:20

Oan de súdkant fan it PM kanaal by Burgum wurdt dizze wike ûndersyk dien nei eksplosiven. Troch it gebiet komt in part fan de Sintrale As te lizzen, dat is de nije dyk fan Dokkum nei Nyegea. It ûndersyk nei eksplosiven is nedich omdat yn septimber begûn wurdt mei in grut archeologysk ûndersyk. De ferwachting is dat yn it gebiet in soad guod út it stiennen tiidrek fûn wurdt.

Eksperts ha de omjouwing ôfsocht mei spesjale apparatuer. Dy gegevens wurde no besjoen en op basis dêrfan kin sjoen wurde oft oanfoljend ûndersyk nedich is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)