Minsken De Terp bot oandien

zienn
Meiwurkers en bewenners fan De Terp yn Ljouwert binne bot oandien troch de dea fan in bewenner fan de opfang. Ek it berjocht dat der grutskalich ûndersyk dien wurdt nei de dea en dat it giet om in misdriuw komt hurd oan. Troch belutsenen fan De Terp wurdt alle meiwurking oan it ûndersyk tasein. In wurdfierder fan de opfang lit witte dat dat de bewenner moandeitejûn ferstoarn is nei in fal.
112 is belle, mar dit wie te let. Omdat de omstannichheden fertocht wiene is de plysje ynskeakele.