Deade De Terp troch misdriuw

De Terp leit flakby NHL en Stenden
De man dy't moandeitejûn dea fûn waard yn dakleaze-opfang De Terp yn Ljouwert is it slachtoffer fan in misdriuw. Dat konkludearret de plysje op grûn fan seksje op syn lichem. Der wurdt no in grutskalich ûndersyk hâlden nei syn dea. De 58-jierrige man waard fûn troch personiel fan de opfang. Hy hie doe al gjin hertslach mear. Der is noch wol besocht him te reanimearjen mar dat is net slagge. Hy ferstoar yn de opfang sels.