Veenstra hat bêst fertsjinne

Eks-foarsitter en direkteur Robert Veenstra fan Sportklup Hearrenfean hat yn de trije jier dat er dêr wurke in miljoen euro fertsjinne. Dat meldt it wykblêd Voetbal International. De VI hat de hân lein op it kontrakt dat Veenstra hie mei Hearrenfean. De eks-foarsitter fertsjinne neffens it kontrakt 20.000 euro bruto yn de moanne. Dêrnjonken hie Veenstra ek rjocht op in bonus. Dat wie yn syn earste jier maksimaal de helte fan syn jierlean, yn de jierren dêrnei tweintich en tritich persint fan syn lean. Veenstra hat by it
Veenstra hat by it stopsetten fan syn kontrakt rjocht op in jierlean, meldt de VI. As er dat krijt, hat er, los fan de bonussen, in miljoen euro fertsjinne.