PS: 54 miljoen foar Thialf

Provinsjale Steaten stelle 54 miljoen euro beskikber foar de bou fan in nij Thialf. De kolleezjepartijen PvdA, CDA en FNP wolle it jild hoe dan ek gewoan útjaan, ek al is noch net bekend oft Thialf fan KNSB en NOC*NSF de topsportstatus krijt. It hat dêrfoar konkurrinsje fan it noch te bouwen IceDome yn Almere en TranSportium yn Zoetermeer. De provinsje wurdt hoe dan ek eigener fan Thialf. De opposysje yn Provinsjale Steaten hat noch wol twifels, foaral as it giet om de eksploitaasje fan Thialf as de topsportstatus der nèt komt.