Snieskower sûnder bemanning

26 jun 2013 - 12:38

It duorret noch even, mar as it oan NHL-studinten Remco de Haan en Alex van Driest leit, dan ha we de kommende winter in Alvestêdetocht. Sy ha in ûnbemanne snieskower ûntwikkele dy't snie fan it iis skoot. De snieskower wurdt op ôfstân bestjoerd mei in tablet fia wifi. It apparaat kin de alvestêderûte sniefrij hâlde en dêrtroch kin it iis better oangroeie. De skower is no noch mar 30 sentimeter. De bedoeling is dat der ien komt dy't mear snie fuortskowe kin. Dy moat dan ek op 3G wurkje, sadat de bestjoerder bygelyks fan hûs út snieskowe kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)