Fiif tips lyk Sint Nyk

26 jun 2013 - 11:31

De plysje hat fiif tips binnenkrigen oer de saak fan de fermoarde Amsterdammer, dy't ferline wike by de Tsjûkemar yn Sint Nyk ferbaarnd fûn is. Twa tips wurde fierder ûndersocht. Dy geane oer de blauwe Peugeot fan de man, dy't fuort is. De tips kamen binnen nei oanlieding fan it programma Opsporing Verzocht dat tiisdeitejûn omtinken oan de saak joech. De plysje makke bekend dat it ferbaarnde lichem fan de 35-jierrige Amsterdammer Omar Kourrich wie. En dat de man fan Marokkaanske komôf heit wie fan twa bern.

Trefwurden: 
plysje Sint-Nyk lyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)