Twa automobilisten ferwûne

26 jun 2013 - 09:54

Yn de ôfrûne nacht binne twa automobilisten ferwûne rekke by in botsing op de N31 by Drachten. In man fan 25 út Súdwest-Fryslân rekke yn in bocht yn de berm en kaam doe dwers op 'e dyk. In man fan 37 út Littenseradiel botste dêr frontaal op. De earste automobilist is nei it sikehûs brocht, de oare koe yn de dokterspost holpen wurde.

Trefwurden: 
ûngelok plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)