Ferfelende autorider oanholden

26 jun 2013 - 09:50

Op de A7, op 'e hichte fan Lúkswâld, hat de plysje tiisdeitejûn in automobilist oanholden. De 19-jierrige man út Den Bosch fertoande hinderlik rydgedrach. Sa ried de man ticht op syn foargonger, wiksele er hieltyd fan rydstrook en joech er gjin rjochting oan. De man krige in proses-ferbaal en moat in saneamde Edukative Maatregel Gedrach en Ferkears-kursus folgje.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)