Bakens nimt ôfskie fan Cambuur

26 jun 2013 - 09:39

Tim Bakens nimt ôfskie fan SC Cambuur. De 30-jierrige ferdigener giet net yn op in nije oanbieding fan de Ljouwerters. "Ik ben op mijn gevoel afgegaan en als het gevoel niet goed is, moet je het niet doen. Ik heb hier een topjaar gehad en die herinnering is misschien mooier dan wat komen gaat." Bakens, dy't yn syn iennichste seizoen by Cambuur kampioen waard, wit noch net wat er no dwaan sil.

Oebele Schokker, Lucas Bijker en Martijn van der Laan ha har kontrakt by Cambuur mei in jier ferlingd. Dat kontrakt rint no oant ein juny 2015.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur Tim Bakens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)