Sporters wurkje by provinsje

25 jun 2013 - 22:53

Siler Pieter-Jan Postma út Terkaple en judoka Miranda Wolfslag út Ljouwert krije in baan by de provinsje Fryslân. Postma waard ferline jier fjirde op de Olympyske Spelen, Miranda wûn koartlyn har earste wrâldbeker yn de klasse ûnder de 52 kilo.

Postma studearre bedriuwskunde yn Amsterdam en Miranda hat de HBO oplieding sportmanagement dien. Se binne mei trije oare jongeren ûnderdiel fan it saneamde traineeprogramma fan de provinsje. Doel is om jong talint yn de amtlike organisaasje te krijen.

Trefwurden: 
siler provinsje judoka
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)