Banen LTO Noord ferdwine

By LTO Noord ferdwine de kommende trije jier 46 banen. It oantal meiwurkers giet fan 132 nei 86. Dat giet fia natuerlik ferrin, twongen ûntslaggen wurde útsletten. Reden foar it lytser meitsjen fan de organisaasje is dat it oantal boeren lytser wurdt en dermei de ynkomsten minder.
LTO Noord wol yn de takomst nije tsjinsten ûntwikkelje om better op de omstannichheden ynspylje te kinnen. Dat sil dien wurde mei fleksibele meiwurkers dy't per projekt ynhierd wurde. Derneist wurdt LTO Noord noch mear in belange-organisaasje.