Binnenfeartskip oerfart boat

25 jun 2013 - 15:36

Op it Prinses Margrietkanaal by rekreaasjepark Yn 'e Lijte by Grou is tiisdeitemiddei in binnenfeartskip oer in plezierjacht hinne fearn. De twa opfarrenden, in man en frou fan 64 en 67 jier út Lottum, binne troch de helptsjinten reanimearre en nei it sikehûs brocht. Harren tastân is krityk. Neffens de plysje sieten der net mear minsken op de boat. It farwetter yn de rjochting fan de Pikmar wie oant de jûntiid ôfsletten, mar is wer frij jûn. In plysjeauto dy't ûnderweis wie nei it ûngelok botste op de N354 op in frachtwein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)